Weistra op wei fan 3 oktober 2016 16:00

    De Nederlânske polityk moat ferlost wurde fan de "babyboomers". De belangen fan jongeren binne nerges werom te finen yn de plannen fan de politike partijen, wylst de kosten fan in soad saken wol op harren ôfwentele wurde. Tsientallen jongerenorganisaasjes yn ús lân ha har krêften bondele yn in nije koälysje. Ien fan dy organisaasjes is de Jonge Democraten (liearre oan D66), fan de Fryske ôfdieling komt foarsitter Jantine Meister yn Weistra op wei.

    De Nederlandse Gebarentaal moat erkind wurde as offisjele taal. ChristenUnie en PvdA tsjinje hjir hjoed in wetsfoarstel foar yn. Gebaretaal soe deselde status as it Frysk krije moatte, fine de partijen, sadat alle 15.000 Nederlanners dy't gebaren brûke folweardich meidwaan kinne yn de maatskappij. Yn Weistra op wei in petear mei Albertsje Spliethoff fan Hoor Friesland. Sy leit út wat krekt it belang fan sa'n wet is.

    Dat, mei it lêste Fryske nijs, waar, en fansels It Slotstik, yn Weistra op wei.

    16:06 - Donna Summer - This Time I Know It's For Real
    16:13 - Coldplay - Hymn For The Weekend
    16:24 - Sia - Clap Your Hands
    16:40 - Die Twa - Eachkontakt
    16:51 - Common Linnets - Calm After The Storm
    17:07 - Ace Of Base - The Sign
    17:15 - Gaatze Bosma - Earste Trein Nei Starum
    17:24 - Bruce Springsteen - Born To Run
    17:38 - Meghan Trainor - All About That Bass
    17:47 - Enrique Iglesias (Ft. Wisin) - Duele El Corazon
    17:50 - Natasha Bedingfield - Unwritten
    17:54 - Beatles - Can't Buy Me Love
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)