Weistra op wei fan 3 maart 2015 16:00

Yn Weistra op wei fan 'e middei omtinken foar it alkoholslot. De Hege Ried hat hjoed bepaald dat minsken dy't sa'n slot oplein krigen ha, ek net nochris in oare straf der by krije meie. We prate der oer mei Nico de Vries fan advokateburo Anker en Anker, dy't in soad minsken dy't sa'n straf oplein krigen ha ferdigenet. En mei CDA-keamerlid Sander de Rouwe, ien fan de foarfjochters fan it alkoholslot.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust fertelt oer de twadde dei yn de rjochtsaak tsjin it kriminele duo Marcos van der P. fan De Harkema en syn freondinne Enise B.

We ha in diskusje oer it boargerinisjatyf om de hobbyjacht te ferbieden en Jan Pier Brands, direkteur fan poppoadium de Neushoorn fertelt oer Edison-winner Thomas Azier, dy't hy noch kin fan syn tiid op 'e Popakademy yn Ljouwert.

16:08 - Meghan Trainor - All About That Bass
16:22 - Die Twa - Eachkontakt
16:39 - Ricky Martin - Livin' La Vida Loca
17:09 - Michel Telo - Ai Se Eu Te Pego
17:16 - Zipp - Ik Geloof In Jou En Mij
17:39 - Weather Girls - It's Raining Men
17:51 - Georgie Fame - The Ballad Of Bonnie & Clyde
Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)