Weistra op wei fan 3 maaie 2017 16:00

De Rabobank hat in pinautomaat oan it Boschplein yn Snits der weihelle, de risiko's fan in eventuele plofkraak soenen foar de omwenners te grut wêze. Yn Weistra op wei fan 'e middei in reaksje fan de omwenners.

De partijfoarsitter fan de VVD, Henry Keizer, hat tydlik syn funskje dellein, yn ôfwachting fan in ûndersyk nei syn yntegriteit. De ponghâlder fan de partij is Ger Jaarsma, de man dy't earder foarsitter fan de Fryske VVD wie. Hy moast justerjûn, troch in iependraaid rútsje fan syn auto, de parse te wurd stean. Hoe is it eins, om samar ynienen yn it each fan sa'n nijs-stoarm te stean? Syn persoanlike ferhaal fan 'e middei yn Weistra op wei.

Ferslachjouwer Geert van Tuinen is hjoed yn Langsweagen, dêr is sawat 300.000 euro beskikber foar inisjativen dy't de leefberens yn de streek ferbetterje kinne. Wa wint de pitch?

Fierder fansels it lêste Fryske nijs, it waar, en yn It Slotstik kin wer stimd wurde op trije platen dy't wat te meitsjen hawwe mei in bizar fermissingsferhaal yn Brazilië.

16:07 - Stranglers - Golden Brown
16:14 - Ed Sheeran - Shape Of You
16:24 - Linda Ronstadt - It's So Easy
16:39 - Gerben Boots - Ik Gean Kapot Oan Dy
16:46 - Sheppard - Geronimo
16:50 - Depeche Mode - Enjoy The Silence
17:06 - Shania Twain - That Don't Impress Me Much
17:14 - Wiebe - Sjoch It Ljocht
17:23 - Roberto Jacketti & The Scooters - I Save The Day
17:37 - Troggs - Wild Thing
17:39 - Zedd & Alessia-Cara - Stay
17:47 - James Tw - When You Love Someone
17:52 - Rolling Stones - Miss You

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)