Weistra op wei fan 3 jannewaris 2018 16:00

    De bewenners wolle wol, mar it is faak noch te djoer. It duorsem meitsjen fan wenningen fan Elkien sjit net echt op, en dat is lêstich, want de korporaasje moat fan dy ferduorseming wurk meitsje. Yn Weistra op Wei fertelt direkteur-bestjoerder Margriet Drijver hoe't se dit probleem oan tinkt te pakken. "De animo ûnder de hierders foar duorsemens is grut", seit Drijver.

    Jenny Douwes fan De Harkema is frege om te sprekken op it sympoasium De Nederlandse Leeuw. Op dy bijienkomst sil troch in grut tal sprekkers èn publyk praat wurde oer de multy-kulturele samenleving. De toan fan it sympoasium is konservatyf, it debat oer yntegraasje en ymmigraasje moat liede ta "nije ynsichten". Jenny Douwes makke namme doe't se de anti-Swarte Pite-demonstraasje yn Dokkum tsjinhâlde liet. Mar wat sil se op dit sympoasium fertelle?

    Ferslachjouwer Gert van Tuinen is yn it Grouster museum Hert fan Fryslân, dêr is hjoed foar it earst de fernijde "schaatshoek" te sjen, mei in soad omtinken foar de ferneamde reedriders dy't de lêste 200 jier út Grou en omkriten kamen: fan Atsje Keulen-Deelstra fia Ids Postma nei Jorrit Bergsma.

    Yn it nijs omtinken foar it azc fan Balk -dat dêr mooglik yllegaal stiet- en fierder fansels it (stoarm) waar en moaie muzyk.

    16:06 - Cardigans - Lovefool
    16:15 - Ed Sheeran & Beyonce - Perfect Duet
    16:24 - Chickens Go Mad - Wat Is It Moai
    16:40 - Bruno Mars - 24K Magik
    16:48 - All Saints - Pure Shores
    16:54 - Inxs - Need You Tonight
    17:05 - Years & Years - King
    17:12 - Genesis - Jesus He Knows Me
    17:23 - Marcel Smit - Leafde & Whisky
    17:37 - Rita Ora - Anywhere
    17:47 - Nico & Vinz - Am I Wrong
    17:55 - Dana Winner - Westenwind
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)