Weistra op wei fan 3 jannewaris 2017 16:00

Krimp bliuwt yn Fryslân ien fan de grutste problemen. Ut sifers fan it CBS, dy't hjoed presintearre binne, falt te lêzen dat de befolkingsôfname op it plattelân noch hieltyd trochgiet. It Noardeasten fan ús provinsje is dêr in sprekkend foarbyld fan. Yn Weistra op wei in gesprek mei boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel. Wat dogge sy, yn de striid tsjin krimp en fergrizing? En slagget dat wat?

Dan wie binnenfeartskipper Tinus de Vreeze fan Wikel de pineut: hy moast 35 oeren omfarre as gefolch fan de oanfarring by de stuw fan Grave. It hat him tûzenen euro's en in gesellich âld en nij koste. Yn Weistra op wei ek syn ferhaal.

16:05 - Roxette - The Look
16:12 - James Arthur - Say You Won't Let Go
16:23 - Pussycat - Mississippi
16:38 - Ernst Langhout - De Tiden Feroarje
16:49 - Imagine Dragons - On Top Of The World
16:56 - Hall & Oates - Private Eyes
17:07 - Madcon - Beggin
17:16 - Mariusz & De Muzikanten - Langjend Nei Dy
17:24 - First Aid Kit - My Silver Lining
17:37 - John Lennon & Plastic Ono Band - Give Peace A Chance
17:47 - Shawn Mendes - Treat You Better

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)