Weistra op wei fan 3 desimber 2015 16:00

    Se wienen ridlik selsstannich, de lokale Rabobanken, mar dêr komt per ien jannewaris in ein oan. De lederieden hawwe justerjûn ynstimd mei in fusy nei ien grutte bank. Oer it werom, en wat dat betsjut, in gesprek mei âld-Rabobankman Lute Spandaw. "De Europeeske Sintrale Bank (ECB) sit hjirachter. Dy hat neat mei korporaasjes".
    Dan rekke de Grouster dûmny Reinier Nummerdor op fakânsje yn Parys al syn papieren en paskes kwyt. No wurdt der yn in falske mail út syn namme om jild frege -nei alle gedachten troch de dieven sels. En yn Parys wie Nummerdor hielendal net! Yn Weistra op wei it ferhaal fan de bestellen dûmny.
    Dat, mei it lêste nijs út Fryslân en in "elektryske" edysje fan It Slotstik, yn Weistra op wei.

    16:09 - Cock Robin - Thought You Were On My Side
    16:17 - Shawn Mendes - Stitches
    16:41 - Swiet & Bjuster - Fordson Dexta Blues
    17:09 - Incognito (Ft. Jocelyn Brown) - Always There
    17:17 - Dotan - Let The River In
    17:25 - Aretha Franklin - Respect (Original)
    17:37 - Styx - Sing For The Day
    17:49 - Tubeway Army - Are Friends Electric
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)