Weistra op wei fan 3 april 2017 16:00

    It wie in suver aaklike foto dy't boskwachter Roel Vriesema fan 'e moarn op twitter pleatste: dy fan in heideskiep, nei alle gedachten deabiten troch in hûn. Dat wie yn it Wynterper Skar, mar neffens Vriesema gebeurt it rûnom. Dat baaskes har hûn oan de line hâlde moatte, wol der neffens him mar net yn. Yn Weistra op wei docht Vriesema syn ferhaal.

    Boargemasters moatte op har santichste in punt achter har bestjoerlike karriêre sette. Dat jildt lykwols net foar waarnimmers, dêr jildt gjin leeftiidsgrins foar. En dat is eins wol frjemd, want it wurk is feitlik itselde. Yn Weistra op wei prate we dêroer mei de man dy't dit jier de âldste (waarnimmende) boargemaster fan Nederlân wurdt: Gerrit Krol (71) fan It Bilt.

    Dan waard hjoed bekend dat de eardere boargemaster fan Ljouwert, John te Loo, op 88-jierrige leeftiid stoarn is. Te Lo wie fan 1983 oant 1993 de earste boarger fan de Fryske haadstêd. Ferslachjouwer René Koster hellet fan 'e middei mei tiidgenoaten herinnerings oan him op, oer syn polityk-bestjoerlike tiid èn oer syn poetyske neilittenskip.

    Dat, mei it lêste Fryske nijs en It Slotstik, yn Weistra op wei.

    16:05 - Abc - When Smokey Sings
    16:12 - Ed Sheeran - Shape Of You
    16:22 - Amy Grant - Baby Baby
    16:37 - Piter Wilkens - Henkie Cola
    16:46 - Ariana Grande - Dangerous Woman
    16:53 - Marcel Smit - Omstekeard
    17:06 - Kelly Clarkson - Breakaway
    17:17 - Thomas Azier - Gold
    17:38 - Amen Corner - If Paradise Is Half As Nice
    17:45 - Armin Van Buuren Ft. Olaf Blackwood - I Need You
    17:49 - Sam Hunt - Take Your Time
    17:54 - Queen & David Bowie - Under Pressure
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)