Weistra op wei fan 3 april 2015 16:00

Ferslachjouwer Andries Bakker praat ús by oer de ûnderhannelings foar in nij kolleezje fan Deputearre Steaten. Yntusken is dúdlik wurden dat de PvdA dêr gjin rol mear yn spylje sil. In oare ferslachjouwer, Eduard Rekker, gie nei de freedsmerk foar ierappels, mar dan wol ierappels mei gedichten der oan.

Je moatte der miskien noch net oan tinke, mar it campingseizoen is wer begûn. Op camping It Dreamlân yn Kollumerpomp steane dit wykein de earste tinten. En De Kruidhof yn Bûtenpost hat de kommende dagen spesjale aktiviteiten, omdat ek har seizoen wer begjint.

Mei it each op it nostalgywykein fan Omrop Fryslân sjogge we mei Michiel Alma, de eardere boargemaster yn Doanjewerstâl, werom op it nijs fan de jierren '70.

16:09 - Van Wieren - Vandaag
16:22 - Musical Youth - Pass The Dutchie
16:40 - Dotan - Hungry
16:55 - Piter & Griet - Best Genoch (Fmn 2011)
17:13 - Fun - Some Nights
17:37 - Steve Winwood - Valerie
17:47 - Herman Van Veen - Hilversum Iii
17:51 - Doors - Light My Fire (Stereo Edit)
Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)