Weistra op wei fan 29 novimber 2017 16:00

    Fryslân bliuwt -noch hieltyd- achter as it giet om it tal bern dat nei de Havo of it VWO giet. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau. Fan de Fryske skoalbern kiest 63 persint foar it VMBO, tsjin 56 persint lanlik. Dat is ek soarchlik foar de Campus Fryslân, dat as ûnderdiel fan de Ryksuniversiteit Grins yn Ljouwert in akademysk klimaat kreëarje wol. Hoe moat dat fierder? Dekaan Jouke de Vries fan de Campus Fryslân jout yn Weistra op Wei syn miening.

    Tantra massaazje stiet yn in kwea deiljocht, nei tal fan berjochten oer seksueel misbrûk. Sa waard hjoed noch in man yn Rotterdam oanhâlden. Wat is tantra massaazje eins? Dêroer prate we yn Weistra op Wei mei Carla Schalkwijk, sy hat in tantrapraktyk yn Makkingea. En wat dogge al dizze ferhalen mei har?

    Yn de Waddenhal yn Harns is fannemiddei in grut Sinteklazefeest, bedoeld foar bern út húshâldens mei in krappe beurs. Twa wethâlders fan de havenstêd binne dêr as Sinteklaas en Swarte Pyt, ferslachjouwer Simone Scheffer is der ek by.

    Dat, mei it lêste Fryske nijs, waar en ferkear èn It Slotstik, yn Weistra op Wei.

    16:06 - Camila Cabello Ft. Young Thug - Havana
    16:13 - Aerosmith - Crazy
    16:24 - Nico & Vinz - Am I Wrong
    16:39 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
    16:47 - Twarres - Ruzjend Yn E Wyn
    16:54 - Bananarama - Venus
    17:05 - Jason Derulo - Want To Want Me
    17:14 - 4 Non Blondes - What's Up
    17:24 - Marcel Smit - Leafde & Whisky
    17:38 - Calvin Harris - Feels
    17:47 - Stevie Wonder - I Was Made To Love Her
    17:50 - Loreen - Euphoria
    17:55 - Bee Gees - Words
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)