Weistra op wei fan 29 maart 2017 16:00

    Hjoed is de slotdei fan de aksje foar hongerjend Afrika. It kontinint is troffen troch in hongersneed dy't him desennia sa net foardien hat: miljoenen wurde mei de dea bedrige. Foaral yn gebieten dêr't drûchte en wapene konflikten oan de oarder binne is sprake fan in grutte ramp. Krekt tsjin dy drûchte docht it Ljouwerter bedriuw Dutch Water Partners wat. Sy bouwe, ûnder oaren yn Gana, wettersuveringsynstallaasjes. Peter Bulsing fan it bedriuw fertelt yn Weistra op wei hoe't dat krekt wurket, èn hoe't se faak opbokse moatte tsjin regelsucht en ûnbegryp, sawol hjir as dêr.

    Ynwenners fan Ljouwert en (wide) omkriten fernimme it op it stuit: de loftmachtoefening Frisian Flag. Guon sille hinder hawwe fan it leven fan de strieljagers, mar de spotters fine it prachtich. Yn Weistra op wei in reportaazje oer de mannen-mei-kikers, want it binne dochs foaral manlju.

    Dat, mei it lêste Fryske nijs, it waar en It Slotstik, yn Weistra op wei.

    16:07 - Dusty Springfield - In Private
    16:18 - Ed Sheeran - Shape Of You
    16:40 - Sytse Haima - Ik Wol Witte
    16:49 - Omi - Cheerleader
    16:56 - Roxy Music - Dance Away
    17:07 - Sara Bareilles - Love Song
    17:15 - De Hunekop - Juf Janke
    17:25 - Sly Fox - Let's Go All The Way
    17:39 - Wilson Pickett - In The Midnight Hour
    17:42 - Chainsmokers - Paris
    17:49 - Jonas Blue (Ft. Dakota) - Fast Car
    17:53 - Beatles - Hello Goodbye

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)