Weistra op wei fan 29 maaie 2017 16:00

    De winst fan hurdfytser Tom Dumoulin, juster yn de Giro d'Italia, hat hiel wat losmakke. Ek by de Fryske hurdfytsferienings. Sa rekkent Wielervereniging Snits op nije leden, nei it oansprekkende súkses fan Dumoulin. De Snitser klup docht sawiesa in soad om jongeren (en oaren) waarm te krijen foar it hurdfytsen. Yn Weistra op wei in gesprek mei hurdfytsbaankoördinator Melle Poelsma.

    As der yn Fryslân ien is dy't wit wat de yntocht fan Sinteklaas mei him meibringt, dan is dat kommissaris fan de Kening Arno Brok wol. As boargemaster fan Snits wie er by de lanlike yntocht, yn 2005 wie dat, en seis jier letter mocht er soks nochris oerdwaan yn Dordrecht, doe't Brok dêr earste boarger wie. No makket er dit barren -op iennige ôfstân- yn Dokkum mei. Wat hat Brok leard, fan dy yntochten?

    Ferslachjouwer René Koster nimt fan 'e middei in foarskot op it debat yn de gemeenteried fan Ljouwert, oer frije slutingstiden. Mei de hoareka sels bepale hoe let de kroech tichtgiet, of moat de gemeente dêr op stjoere?

    Fierder fansels it lêste Fryske nijs, It Slotstik en it waar.

    16:05 - Paul Carrack - Don't Shed A Tear
    16:13 - Ed Sheeran - Shape Of You
    16:23 - Bonnie Tyler - It's A Heartache
    16:42 - Wiebe & Elske Dewall - Make Me Yours (Frysk!)
    16:50 - Nicky Jam Ft. Enrique Iglesias - El Perdon
    17:07 - Natasha Bedingfield - Unwritten
    17:17 - Hermien Swart - Fiel De Wyn
    17:38 - Mamas & Papas - Straight Shooter
    17:42 - James Arthur - Say You Won't Let Go
    17:50 - Adele - Water Under The Bridge
    17:55 - Donovan - Mellow Yellow
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)