Weistra op wei fan 28 oktober 2016 16:00

Hieltyd minder minsken binne lid fan in fakbûn. Neffens it CBS is it ledetal foarich jier mei 17.000 ôfnommen. It is in ûntwikkeling dy't al jierren spilet. Hoe keare je soks? Dat freegje we oan Piet Fortuin, bestjoerder by CNV Vakmensen. Hoe wol hy al dy flekswurkers en ZZP'ers oan syn klup bine?

Advokaat Bart Canoy sil it ha oer wapens. Falt de luchtbuks op de merke eins ek ûnder de wapenwet? En de boartersguodwapens dy't je winne kinne, hoe sit it dêrmei?

Fierder skeakelje we live mei Grins, dêr wurde de seleksjewestriden foar de wrâldbeker hâlden, yn it nijs omtinken foar it opstappen fan wethâlder Thea Koster fan Ljouwert en foar de lotting fan Cambuur, dy't it opnimme moat tsjin Ajax. Dat, mei it waar en It Slotstik, yn Weistra op wei.

16:08 - Rita Marley - One Draw
16:18 - Dnce - Cake By The Ocean
16:40 - Ernst Langhout - Harlekyn
16:50 - Shawn Mendes - Stitches
17:07 - Roxette - Joyride
17:16 - Piter Wilkens - De Muntsen
17:36 - James Bay - If You Ever Want To Be In Love
17:47 - Timeflies - Once In A While
17:52 - Tight Fit - The Lion Sleeps Tonight

Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)