Weistra op wei fan 28 novimber 2017 16:00

Ljouwert draait ûnevenredich swier op foar de tekoarten yn it Sosjaal Domein. De lêsten soenen earliker ferdield wurde moatte oer de Fryske gemeenten. Dat sei de Ljouwerter PvdA-fraksjefoarsitter Lutz Jacobi justerjûn yn It Polytburo. De kontrakten mei de oare Fryske gemeenten, dy't faak in soad jild oerhâlde, moatte iepenbrutsen wurde. Dat giet Wietze Kooistra, portefúljehâlder op dit mêd by de Feriening Fryske Gemeenten, fierstente fier. Hy jout ta dat Ljouwert it finansjeel swier foar de kiezzen krijt, mar Kooistra fynt dat der foaral nei it Ryk sjoen wurde moat foar in oplossing.

De winkels yn Drachten meie op 24 en 31 desimber net iepen. De gemeente hat besletten dat der optreden wurde sil tsjin saken dy't de doar op dy dagen dochs iepen dogge, de boete kin sels oprinne oant 6000 euro. Ruth Hut, dy't it inisjatyf nommen hat foar de winkeliepening, jout de striid lykwols net op. "Al wurdt it der no net makliker op", seit se, "net allinnich troch de boete, ik rin ek nochris it risiko dat ik in strafblêd krij". Yn Weistra op wei in petear mei har.

Frjentsjer krijt in eigen wurdboek. It stêdsfrysk dat yn de Universiteitsstêd sprutsen wurdt, wurdt sa offisjeel fêstlein. En de leafhawwers fan dit dialekt hoege it net by dit wurdboek te litten: it Genoatskap foar ut Behoud fan it Franekers komt sûnt hjoed ek mei stikkers, mei dêrop typysk Frjentsjerter siswizen. "Praatsjes kinne geen gatten fulle, mar je komme un end at je Franekers lulle" is sa'n siswize. Ek mear dêroer yn Weistra op wei.

16:05 - Maroon 5 Ft. Sza - What Lovers Do
16:12 - Cardigans - Lovefool
16:20 - De Kast - Moarn Sil De Sinne Skine
16:24 - Miss Montreal - A Million Ways
16:35 - Mark Ronson Ft. Bruno Mars - Uptown Funk
16:45 - Natasha Bedingfield - Unwritten
16:49 - Culture Club - The War Song
16:55 - Clean Bandit Ft. Jess Glynne - Rather Be
17:13 - Greidebern Ft. Wiebe Kaspers - Nim My Mei Dy Mei
17:21 - Braxtons - The Boss
17:34 - Lady Antebellum - Need You Now
17:42 - Racoon - Love You More
17:45 - Coldplay - A Sky Full Of Stars
17:52 - U2 - Walk On

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)