Weistra op wei fan 28 augustus 2015 16:00

De jongeren fan Sumar binne slim teloarsteld. De eardere kosterswente yn it doarp soe in jeugdhonk wurde. Oan alles hienen se tocht: boufergunnings, it jild. Mar it liket der op dat it allegear dochs net trochgiet. In gesprek oer jong entûsjasme en gemeentlike regels, yn Weistra op wei.

Mei Miriam Keuken fan atletykferiening Horror yn Snits sjogge we werom op de wedstryd fan Dafne Schippers yn Sina, en fansels de gouden medalje dy't se dêr behelle. Miriam is coach op de mearkamp, it ûnderdiel dêr't Schippers oait op begûn is. De belangstelling foar atletyk nimt ta, sa sjogge se ek by Horror.

Fierder omtinken foar de Noard-Fryske winkeltsjerûte, en fansels it lêste Fryske nijs.

Miriam Keuken oer Dafne Schippers

  • Miriam Keuken oer Dafne Schippers
16:09 - Johannes Rypma & Mirjam Timmer - Ik Wol Dy
16:16 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry
16:37 - Marvin Gaye - What's Going On
16:48 - Racoon - Shoes Of Lightning
17:08 - Omi - Cheerleader
17:16 - Alvaro Soler - El Mismo Sol
17:26 - Marcel De Groot - Mag Ik Naar Je Kijken
17:37 - Tina Turner - Typical Male
17:47 - Caro Emerald - Riviera Life
17:55 - Sjonnies - Zwemmen Zonder Slip
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)