Weistra op wei fan 28 april 2015 16:00

    Yn Weistra op wei fan 'e middei omtinken foar de misthoarn fan Harns. Nei in soad argewaasje fan foar- en tsjinstanners liket it karakteristike lûd wer werom te kommen yn de havenstêd. En bern fan de Meester S. Wijbrandischool fan Aldhoarne ha sels in 3D-printer makke.

    Fierder wie it hjoed feest yn Easternijtsjerk, want de Foeke Sjoerds-skoalle hat 50.000 euro krigen om it skoalplein om te tsjoenen ta 'Gezond Schoolplein'. Wat dat ynhâldt fertelt direkteur Onno Bouma.

    En fan in wyntsje kinne je net mear ûngestoard genietsje, as je tenminsten om'e kaloryn tinke. Want as it oan it Europeesk Parlemint leit stiet der op it etiket fan in flesse wyn tenei ek hoefolle kaloryen der yn sitte. Bedoeld yn de striid tsjin it oergewicht, want hieltyd mear minsken lije oan obesitas. Wynboer Fred Rademaker fan wyndomyn Frederique fan Waskemar fertelt wêrom't hy soks grutte ûnsin fynt.

    16:08 - Simply Red - Shine On
    16:14 - Marvin Gaye - What's Going On
    16:25 - Eddy Dykstra & Sons - De Mem Fan Doutzen
    16:38 - Brooke Fraser - Something In The Water
    16:47 - Racoon - Laugh About It
    17:09 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
    17:17 - U2 - Angel Of Harlem
    17:36 - Miss Montreal - Tututu
    17:40 - Mike Oldfield - To France
    17:52 - Tol Hansse - De Telefoon
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)