Weistra op wei fan 27 maart 2018 16:00

De band Strawelte sei oait dat se noait wer optrede soenen, mar foar it Befrijingsfestival meitsje se no toch in útsûndering. Dan spylje de mannen op in reüny fan it alderearste Wâldrock-festival, dit jier tritich jier lyn. Yn Weistra op wei harren ferhaal.

Heal maaie sille de alve fonteinen wetter spuitsje, mar yn Berltsum bliuwt it drûch. Mar net as it oan "de tolfde stêd fan Fryslân" leit: dêr binne se drok dwaande om har eigen fontein te krijen. Of dat slagget hearre we fan Janneke Bergsma.

Yn it nijs fierder omtinken foar it feit dat der op It Amelân sa'n bytsje pjutten profesjonele opfang krije, en de reaksje fan boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach op it nijs dat der in wynmûnepark by it eilân komt. Se is der wiis mei, sa soe gaswinning mooglik fan de baan wêze.

16:06 - Pink - Beautiful Trauma
16:14 - Buckshot Lefonque - Another Day
16:25 - Die Twa - Sinnewaarmte
16:38 - Justin Bieber - What Do You Mean
16:45 - Strawelte - Hunestront
16:47 - Fleetwood Mac - Little Lies
16:53 - Dido - Thank You


17:05 - Calvin Harris - Feels
17:13 - No Doubt - Don't Speak
17:23 - Weima & Van Der Werf - Boartsje
17:37 - Clean Bandit Ft. Julia Michaels - Miss You
17:45 - Phil Collins - Another Day In Paradise
17:56 - Lynn Anderson - Rose Garden

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)