Weistra op wei fan 27 juny 2017 16:00

Nijbouwenten moatte tenei net mear automatysk oansletten wurde op it ierdgasnet. Dat wol de Twadde Keamer, en minister Kamp fan ekonomyske saken is it dêr op himsels wol mei iens. Hy wol dat de gemeenten dêr in belangrike rôl yn spylje, sij witte ommers it measte ôf fan pleatselike omstannichheden. Wethâlder Jan Atze Nicolai fan Ljouwert jout syn miening oer de wiziging fan de wet. Is gjin gas yn in wenning helber no't Ljouwert hieltyd mear plattelân en doarpen krijt?

De Nederlânske steat is oanspraaklik foar de dea fan in diel fan de moslimmannen yn Srebrenica, yn 1995. De Nederlânske Dutchbatters hienen nei meiwurkje mochten oan de evakuaasje fan de felchtlingen, sa oardielde hjoed de rjochter. Foar Fries-om-utens en eks-Dutchbatter Wim Dijkema is dit in slach yn it gesicht. "As Dutchbat skuldich is, dan bin ik ek skuldich", seit Dijkema.

Yn it nijs omtinken foar de jiersifers fan De Friesland, en foar it feit dat der toch gjin reaharten (edelherten) yn it Drents-Friese Wold komme. Fierder fansels de fêste saken: It Slotstik, waar en muzyk.

16:05 - El Debarge - Who's Johnny
16:17 - Anne-Marie - Ciao Adios
16:37 - Grytz - Fersopen Protter
16:45 - Lost Frequencies - Are You With Me
16:48 - Gibson Brothers - Non Stop Dance
16:55 - Shola Ama - You Might Need Somebody
17:07 - Magic - Rude
17:15 - The Bounty Hunters - De Weg Terug
17:26 - Lois Lane - It's The First Time
17:40 - Van Morrison - Brown Eyed Girl
17:50 - Enrique Iglesias - Subeme La Radio
17:56 - Danny De Munk - Ik Voel Me Zo Verdomd Alleen
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)