Weistra op wei fan 27 jannewaris 2017 16:00

    Alles moat oars, yn Europa. Net allinnich omdat Donald Trump neat op hat mei de Europeeske Uny, mar omdat dit it goede momint is. Dat seit minister Bert Koenders fan bûtenlânske saken hjoed. Op himsels fynt er de Europeeske gearwurking goed en belangryk, mar der sil wol wat feroarje moatte: sa kin it Europeeske parlemint wol mei de helte ta, en moat der in ein komme oan it konstant ferhúzjen fan it EP fan Brussel nei Straatsburch. Ald-Drachtster Wytze Russchen, lobbyist en Europa-kenner, sjocht oars nei dit ûnderwerp. Yn Weistra op wei in gesprek mei him. Mear ynformaasje oer Russchen en syn ideeën steane yn ús Europablog

    Yn Weistra op wei fansels ek omtinken foar de offisjele iepening fan Thialf, èn fansels foar it feit dat wrâldkampioen Rintje Ritsma de tagong wegere waard.

    Fierder de juridyske bijdrage fan advokaat Bart Canoy fan Ljouwert, it lêste Fryske nijs en It Slotstik.

    Toplobbyist Wytze Russchen oer it Europeesk Parlemint

    • Toplobbyist Wytze Russchen oer it Europeesk Parlemint

    16:05 - Gladys Knight - License To Kill
    16:17 - John Legend - Love Me Now
    16:37 - Jan Nota - Skoanheit
    16:46 - Lost Frequencies Ft. Janieck Devy - Reality
    16:52 - Mariah Feat. Trey Lorenz Carey - I'll Be There (Mtv Unplugged
    17:06 - Magic - Rude
    17:14 - Sytse Haima - Ik Wol Witte
    17:23 - Limahl - Never Ending Story
    17:40 - Erma Franklin - Piece Of My Heart
    17:50 - Weeknd - Can't Feel My Face
    17:54 - Jannes - Ga Maar Weg

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)