Weistra op wei fan 27 febrewaris 2017 16:00

In analyze fan in ferkearsûngelok soe iepenbier wurde moatte. Sa falt der wat fan te learen, en mei de taname, ek yn Fryslân, fan it tal slimme ûngelokken is dat wol nedich. De Bovag docht sa'n oprop yn de rjochting fan it nije kabinet. Sipke van der Meulen fan it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens yn Fryslân jout syn miening.

Dan krijt Dokkum in facelift. Net allinnich de Markt, mar ek de nije fontein -yn it ramt fan de 11fountains- wurde hjoed presintearre, en ferslachjouwer René Koster is derby.

De regels foar it útrikken fan it saneamde Draaginsigne voor Gewonden moatte ferromme wurde. Dat meldet it ministearje fan definsje. Ek medysk spesjalisten, dy't oarlochsslachtoffers behannele ha en dêrtroch psychyske problemen oprûn ha, soenen sa'n ûnderskieding krije moatte. Henk Moorlag fan feterane-organisaasje Vomi reagearret.

Dat, mei it lêste Fryske nijs, it waar en It Slotstik, yn Weistra op wei.

16:04 - Bananarama - Venus
16:12 - John Legend - Love Me Now
16:22 - Chris Norman & Suzi Quatro - Stumblin' In
16:39 - Frerik De Swetser - Ideryn Wurdt Bekend (Radio Edit)
16:48 - Douwe Bob - Slow Down (Live, Heale Finale Esf 2016)
16:53 - Red Hot Chili Peppers - Under The Bridge
17:05 - Kt Tunstall - Suddenly I See
17:13 - Piter Wilkens - De Dowestien
17:22 - Kool & The Gang - Fresh
17:27 - Vangrail - Laat De Muziek Aan
17:37 - Beatles - Get Back
17:40 - Alessia Cara - Scars To Your Beautiful
17:49 - Dnce - Cake By The Ocean
17:53 - Frans Duijts - Jij Denkt Maar Dat Je Alles Mag Van Mij

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)