Weistra op wei fan 27 april 2017 16:00

In protte saken dy't yn it teken fan dizze Keningsdei stean, yn Weistra op wei: ferslachjouwer Geert van Tuinen is op de grutte frijmerk yn Ljouwert, fan boargemaster Ferd Crone hearre we hoe't de dei hjoed -oant dan ta- ferrûn is, en we hearre fan ferslachjouwer Timo Jepkema hoe't it giet by de Kingsbattle crosserij yn Blauhús.

Mar yn Weistra op wei lit we ek wat tsjinlûd hearre. Hoe belibbe republikein en âld-haadredakteur fan de LC Rimmer Mulder it grutte TV-ynterview mei kening Willem-Alexander? "De erflike monargy is yn feite in feodaal systeem, en net mear fan dizze tiid", seit Mulder.

Dat, mei it lêste Fryske nijs en It Slotstik, yn Weistra op wei.

16:06 - Everly Brothers - On The Wings Of A Nightingale
16:12 - Ed Sheeran - Galway Girl
16:19 - Fleetwood Mac - Big Love
16:40 - Wim Douma & De Welpen - Trein
16:50 - Bruno Mars - 24K Magik
17:09 - Jennifer Lopez - Waiting For Tonight
17:17 - Piter Wilkens - De Dowestien
17:42 - Nina Simone - My Baby Just Cares For Me
17:47 - Jp Cooper - September Song
17:51 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
17:54 - Guus Meeuwis - Per Spoor

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)