Weistra op wei fan 27 april 2015 16:00

    Hjoed yn Weistra op wei fansels omtinken foar Keningsdei. Ferslachjouwer Andries Bakker strúnt om op de frijmerk yn Ljouwert en siket dêr de gesellichheid op.

    En wy sjogge mei Fries om utens en boargemaster fan Dordrecht Arno Brok wêrom op de keninklike besite oan syn stêd. It wie de earste edysje fan Keningsdei nije styl en de stêd fan Brok hat grut útpakt. Mar hoe tinke Friezen eins oer de fernijde Keningsdei? Ferslachjouwer Bauke Deelstra socht dat foar ús út.

    Fierder krige Harnzer Sjoerd Ybema fan 'e middei syn lintsje útrikt. Dizze Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau siet freed mei de lintsjerein yn it bûtelân en dêrom krijt hy de ûnderskieding hjoed. Mar it is in lintsje mei in dûbel gefoel. Want Ybema wurdt ûnder oaren ûnderskieden foar it wurk dat hy de ôfrûne 40 jeir dien hat yn Nepal. Dêr is er bot belutsen by in soad ûnderwiisprojekten. It lân waard dit wykein troffen troch de swierste ierdbeving yn goed 80 jier en Ybema wit net hoe't it mei syn kontakten dêr is.

    Boargemaster Arno Brok fan Dordrecht sjocht yn Weistra op wei werom op de besite fan de keninklike famylje

    • Boargemaster Arno Brok fan Dordrecht sjocht yn Weistra op wei werom op de besite fan de keninklike famylje
    16:07 - Kensington - War
    16:15 - Monique & Tim - Dromen Van Elkaar
    16:23 - Wiebe Kaspers - It Gouden Fjild
    16:27 - Madness - One Step Beyond (Single Version)
    16:37 - Joe Jackson - Real Man
    16:49 - Years & Years - King
    17:08 - Shary-An - Never Played The Bass
    17:18 - Oprjocht - Walk With Me
    17:26 - Caro Emerald - That Man
    17:36 - Trijntje Oosterhuis - Walk Along
    17:39 - Jon Anderson - Hold On To Love
    17:44 - Lost Frequencies - Are You With Me
    17:55 - Abba - Dancing Queen
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)