Weistra op wei fan 26 septimber 2017 16:00

Watst betelje moatst foar in behanneling yn in sikehûs is fantefoaren net nei te gean. Dêr komt nochris by dat de tariven yn sikehuzen foar gelikense behannelings bot ferskille, en dan giet it bytiden om hûnderten euro's. De Consumentenbond wol dat soks folle helderder wurdt. Sa kinne pasjinten in bettere ôfwaging meitsje. Zorgbelang Fryslân slút him dêr fan herte by oan, mar seit tagelyk ek dat dat wol tige yngewikkeld is. Johannes Beers fan Zorgbelang Friesland is fannemiddei te gast yn Weistra op wei.

We bringe fansels it lêste nijs oer de twa deaden dy't fûn binne yn Ketlik, Kulturele Haadstêd hat yn de Rabobank in nije, grutte sponsor krigen, en we gean noch even nei Brussel, nei ferslachjouwer Onno P. Falkena yn it Europeesk Parlemint.

Onno Falkena oer it Minority SafePack Initiative

  • Onno Falkena by de start fan de Minority SafePack-kampanje yn Brussel
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)