Yn Weistra op Wei sjogge we foarút nei de start fan it Kulturele Haadstêdjier. Wy dogge dat ûnder oare mei Peter de Haan, ien fan de betinkers fan de Fryske kandidatuer. Ek sjogge we foarút nei de grutte ferhaleferteljûn.
Weistra op wei fan 26 jannewaris 2018 16:00
Ferhalen 2018
As foarpriuwke fan it iepeningswykein fan LF2018 wurde jûn rûnom yn de provinsje ferhalen ferteld; as yn de bêste Fryske tradyzje fan de 'winterjûne-nocht'. De ferhalen komme fan gewoane minsken op gewoane èn op bysûndere plakken. Ferslachjouwer René Koster pikt al fêst twa ferhalen op. De earste yn it Fries Museum dêr't er Akkie Visser treft, dy't har sels noch efkes foarstelt:
Akkie Visser fertelt har folsleine ferhaal jûn tusken sân en tsien oere yn it Fries Museum, dêr't je dan trouwens fergees yn kinne. Njonken Akkie sitte yn it museum ferskate ferhale-fertellers. Mar net allinnich yn Ljouwert wurde ferhalen ferteld, dat bart rûnom yn Fryslân, lykas yn De Rottefalle troch de 16-jierrige Sybren van der Velde:
In petear mei de geastlike mem én de geastlike heit fan LF2018
Ljouwert wie noait Kulturele Haadstêd fan Europa wurden, as de Provinsje Fryslân net mei it projekt begûn wie. Dat sizze âld-provinsjaal amtner Peter de Haan, fan Huzum, en âld-deputearre Jannewietske de Vries. Tagelyk is it sa dat Ljouwert it ek net wurden wie, as de stêd it stokje net oernommen hie fan de provinsje. It foarstel is foarkommen út it projekt 'Fryske fiersichten' dat ideeën foar de Fryske takomst sammele, fertelt Peter de Haan.
16:07 - Ed Sheeran & Beyonce - Perfect Duet
16:16 - Joan Osborne - One Of Us
16:35 - Calvin Harris - My Way
16:51 - Folkert-Hans - Cha Cha Cha
17:07 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
17:15 - Lutricia Mcneal - My Side Of Town
17:26 - Cigalou Ft. Ernst Langhout - Myn Wreed Fertriet (Koart)
17:38 - Haevn - Fortitude
17:47 - Doobie Brothers - Long Train Running
17:53 - Linkin' Park - In The End