Weistra op wei fan 25 novimber 2016 16:00

    Alden moatte witte oft der bern op de berne-opfang binne dy't net yninte binne. Dat fynt in mearderheid yn de Twadde Keamer, en ek minister Schippers fan folkssûnens fielt wol foar sa'n ynintingsregister foar kresjes. Direkteur Jeannette van den Akker fan berne-opfang Friesland dielt dy miening, en wol dêr dan ek belied op meitsje. De fraach is oft soks wol needsaaklik is. De measte âldern yn Fryslân litte har bern ommers "gewoan" tsjin sykten ynintsje. Van den Akker is te gast yn Weistra op wei.

    Yn Weistra op wei ha we ek kontakt mei Omrop-ferslachjouwer Auke Zeldenrust. Hy is op it Grykske eilân Lesbos, om dêr in jas op in flechtlingekamp te bringen. Mar dat giet net samar: de sfear is bepaald gaotysk en Auke waard al in pear kear bedrige en hast arresteard.

    Goed tsien persint fan alle feroardielings binne ûnterjochte. Dat stiet yn it nije boek "Onschuldig Vast". Advokaat Bart Canoy sil it der hjoed oer hawwe. Foaral de langduorjende prosedueres om in fonnis te wersjen binne him yn 'e wei.

    Fierder yn Weistra op wei it lêste nijs út Fryslân, ferslachjouwer René Koster is yn It Lichtpunt yn Kollumersweach, en der kin wer stimd wurde op platen dy't oer Black Friday gean.

    16:07 - Belle Stars - Sign Of The Times
    16:13 - Lp - Lost On You
    16:22 - Mary J. Blige & George Michael - As
    16:37 - Bricquebec - Bitter
    16:46 - Maroon 5 - Sugar
    16:54 - Warm Sounds - Birds And Bees
    17:09 - Jennifer Paige - Crush
    17:16 - Sipke De Boer - Njonken Dy
    17:37 - Robin Thicke Ft. T.I. & Pharrell - Blurred Lines

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)