Weistra op wei fan 25 july 2017 16:00

    It ûngelok mei de achtbaan, snein yn Duinen Zathe yn Appelskea, krijt noch in sturtsje. Erwin Hoekstra fan Lutjegast seach hoe't syn dochter fan alve, syn mem en oare famyljeleden ferwûne rekken doe't it karke ûnferwacht in needstop makke. It steurt Hoekstra dat it pretpark de boel wat delbêdet, èn dat it personiel net fuort yn aksje kaam. Hy sprekt dan ek fan in "traumatyske erfaring". Yn Weistra op wei docht er fan 'e middei syn ferhaal.

    Pieter Karst Bouma docht begjin septimber mei oan de WK Highland Games, dy't yn yn Brabânske Hank hâlden wurde. Wat dizze boer út Winsum dêrfoar dwaan (en litte) moat, en hoe't er syn kânsen sjocht, hearre je tsjin seizen yn Weistra op wei.

    Fierder sjogge we by de Omrop-camper, dy is hjoed yn Harns, we ha it Slotstik en fansels it lêste Fryske nijs.

    Harkje nei Pieter Karst Bouma

    • Harkje nei Pieter Karst Bouma

    Harkje nei it ferhaal fan Erwin Hoekstra

    • Harkje nei it ferhaal fan Erwin Hoekstra

    16:05 - Wax - Bridge To Your Heart
    16:16 - Ed Sheeran - Castle On The Hill
    16:25 - Vaya Con Dios - Nah Neh Nah
    16:39 - Bee Gees - Nights On Broadway
    16:50 - John Legend - Love Me Now
    17:05 - Mark Ronson Ft. Bruno Mars - Uptown Funk
    17:17 - Murk Aukema - Don't Know Why
    17:36 - Mink Deville - Demasiada Corazon
    17:46 - Olivia Newton-John - Xanadu
    17:54 - Rolling Stones - The Last Time

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)