Weistra op wei fan 25 april 2016 16:00

    It is hjoed in jier lyn dat Nepal troffen waard troch in swiere ierdbeving. Njoggentûzen minsken fûnen de dea, en 600.000 huzen waarden fernield. No, in jier letter, is de sitewaasje yn it berchsteatsje net folle better. De helpferliening mislearret oer alle boegen, sa wit Sonja Rusticus fan Ljouwert. Tegearre mei har Nepaleeske man hat se in hostel yn it lân. Sonja is fan 'e middei te gast yn Weistra op wei.
    It Ljouwerter filmkollektyf Natte Haring wûn fan 't wykein yn Berlyn de publykspriis foar har koarte film "Drie Mensen Vinden een Auto". It is net de earste priis foar dit Fryske klupke filmfanaten, yn Weistra op wei in petear mei produsint Hidde de Vries.
    Fierder yn it Fryske nijs fansels omtinken foar it winterske waar, en je kinne wer stimme foar it Slotstik.

    16:10 - David Bowie - China Girl
    16:18 - Coldplay - Hymn For The Weekend
    16:42 - Vangrail - Naar De Zee
    16:51 - Ivy League - Tossing And Turning
    17:10 - Wind Earth & Fire - Sunday Morning
    17:20 - Justin Bieber - Love Yourself
    17:41 - Queen - Crazy Little Thing Called Love
    17:51 - Kraftwerk - Autobahn (Single Version)
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)