Weistra op wei fan 24 juny 2016 16:00

    Ta ferrassing fan in protte minsken hat de mearderheid fan de Britten him dochs útsprutsen foar in Brexit. Hoe hat dit sa barre kinnen, en wat binne hjir de gefolgen fan foar ús? Krije wy ek sa'n referindum, en sil dat ek liede ta in Nexit? Ald-steatelid Otto van der Galiën (eks-PVV) hopet fan wol, PvdA-wethâlder Sjoerd Feitsma tinkt fan net. Yn Weistra op wei gean se fannemiddei mei mekoar yn diskusje.
    De Ljouwerter adfokaat Bart Canoy sil it yn syn wyklikse juridyske rubryk ha oer de frijspraak fan IS-bestrider Jitze Akse; ta gelegenheid fan it 25-jierrich behear fan camping Riisterbosk yn Riis sille Henk Brouwer en syn frou 25 oeren lang patat bakke; en fierder fansels it lêste Fryske nijs èn it Slotstik, en dat giet hjoed oer bier.

    16:06 - Men At Work - Down Under
    16:15 - Dnce - Cake By The Ocean
    16:37 - Jaap Louwes - Sek
    16:49 - Nicky Jam (Ft. Enrique Iglesias) - El Perdon
    17:07 - Lenny Kravitz - It Ain't Over 'til It's Over
    17:16 - Piter Wilkens - Jezus
    17:25 - Beatles - From Me To You
    17:35 - Cliff Richard - Dreamin'
    17:45 - Ariana Grande - Into You
    17:54 - Doors - Roadhouse Blues

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)