Weistra op wei fan 24 april 2017 16:00

    Reizgers sille it grif fernaam hawwe: de wachttiden op Schiphol binne enoarm. KLM en Transavia advisearje reizgers dan ek trije oeren yn 't foar op it fleanfjild te wêzen. Gouden tiden foar regionale fleanfjilden as Groningen Airport Eelde soenen je tinke, mar dat fleanfjild wol mar net út de reade sifers komme. It is derom dat in skoftke lyn de provinsje Drinte by Fryslân oankloppe foar finansjele stipe. Fraksjefoarsitter Johan Tjalsma fan it CDA yn de Fryske Steaten wol dêr neat fan witte. Hy hat syn sinnen set op it nije fleanfjild dat Lelystêd oer twa jier krijt.

    Feyenoord kin it lânskampioenskip eins net mear ûntgean. De klup út Rotterdam hat oerol fans, ek yn Fryslân, Esther Helder fan Dokkum is al jierren oertsjûge supporter. Hoe belibbet syn it earste kampioenskip sûnt 1999?

    De earste -negative- gefolgen fan de Sintrale As litte har sjen. De Gulf-benzinepomp yn Damwâld giet ticht, der komme temin auto's mear del. Ferslachjouwer René Koster siket út hoe't it sit.

    Dat, mei it lêste Fryske nijs en It Slotstik -hjoed oer Chriet Titulaer- yn Weistra op wei.

    16:06 - Split Enz. - Message To My Girl
    16:15 - Ed Sheeran - Castle On The Hill
    16:24 - Gilbert O'sullivan - Get Down
    16:44 - Piter & ?? - Hea! Liet
    16:52 - Calvin Harris - My Way
    17:07 - Shakira - Whenever Wherever
    17:16 - Sytse Haima - Dat Ik Neist Dy Lizze Mei
    17:40 - Sweat Blood & Tears - Lucretia Mac Evil
    17:48 - Enrique Iglesias - Subeme La Radio
    17:52 - Time Bandits - Listen To The Man With The Golden Voice
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)