Weistra op wei fan 24 april 2015 16:00

In bysûndere útstjoering hjoed fan Weistra op wei. Ferslachjouwers Geert van Tuinen en René Koster diele fan 'e middei spesjale Omroplintsjes út. De lintsjes geane nei minsken dy't neffens ús harkers, om wat foar reden ek, in ûnderskieding fertsjinne ha. Fierder is it fansels nijsgjirrich hoe't it komt mei de foarming fan ús nije provinsjebestjoer. Polityk ferslachjouwer Andries Bakker skoot oan yn de studio en fertelt ús it âlderlêste nijs. En dan wie der fansels in opfallend busûngelok yn Marsum. In streekbus ramde dêr in hûs. Hoe't dat no krekt gebeure koe en wat de gefolgen wienen hearre je daliks as earste yn Weistra op wei.

16:09 - Swinder - Spiet
16:19 - Emil Landman - With You
16:39 - Genesis - Jesus He Knows Me
16:50 - Simon Feenstra - Now I See
17:08 - Melanie C - On The Horizon
17:17 - Brian Wilson - The Right Time
17:37 - Gurbe Douwstra - As It Myn Tiid Is
17:49 - Omi - Cheerleader
17:52 - Bobby Mcferrin - Don't Worry, Be Happy (Single Version)
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)