Weistra op wei fan 23 oktober 2015 16:00

    Fan 'e wike gie it wer mis, diskear yn Drachten, jongeren dy't har yndrinke foar in jûntsje stappen en dan tefolle nimme. Ien famke moast sels nei it sikehûs. Wat kin de oerheid hjir no oan dwaan? Alkoholkontrôle op strjitte en yn de hoareka, dat slagget allegear wol, mar wat der achter de foardoar gebeurt, dêr kin in boargemaster as Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân net it measte oan dwaan. Soe er dat wol wolle? Yn Weistra op wei jout er syn miening. Dan is direkteur Ids Hellinga fan it Fryske Hynstestamboek op it stuit yn Sina. Dêr waarden hjoed Fryske hynders keurd. Hoe kânsryk is dizze opkommende ekonomy? Nei healwei seizen ha we kontakt mei Hellinga oer hoe't hy it swarte goud oan de Sinezen bringt. Fierder yn Weistra op wei fuotbal, muzyk en fansels it lêste Fryske nijs.

    16:09 - O.M.D. - Forever Live And Die
    16:17 - Nico & Vinz (Ft. Kid Ink And Be) - That's How We Know
    16:38 - Piter Wilkens - Pake Syn Wein
    16:51 - Beatles - Michelle
    17:10 - Dodgy - Good Enough
    17:40 - De Kast - Neem Me Zo
    17:49 - Oeremis - Ferrari Reade Lada
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)