Weistra op wei fan 23 novimber 2017 16:00

Wurdt Maedeh Rahimi lanlik ambassadeur foar it MBO? Hjoed wurdt dúdlik oft de Burgumer asylsiker dizze titel krijt, yn Weistra op wei ha we fan 'e middei kontakt mei har.

De 9-jierrige Teun Piter fan Rinsumageast fertelde sneon by de yntocht fan Sinteklaas op TV dat er graach in x-box ha wol. No kostet sa'n apparaat nochal wat, mar it filmke wêryn't de lytse man syn dream fertelde gie "viral", en brocht Bol.com der ta om Teun Piter de x-box kado te dwaan. Fan 'e middei mear dêroer.

En we ha mear Sinteklaas-relateard nijs. Of leaver: oer Swarte Piten. Piet Klimstra fan Ljussens hat sa syn nocht fan dy "eindeloze Pietendiscussie" dat er in humoristysk ynstjoerd stik yn it Nieuwsblad voor Noordoost-Friesland sette. Wat der yn dat stik stiet, en werom't er it skreau, fan 'e middei yn Weistra op wei.

Fierder fansels it lêste Fryske nijs, en wer trije platen yn It Slotstik.

16:06 - Ed Sheeran - Perfect
16:15 - Human League - Human
16:19 - Capital Cities - Safe And Sound
16:24 - Twarres - Tink Oan My
16:39 - Zedd & Alessia Cara - Stay
16:48 - Sake - Denk An Dy


17:07 - Calvin Harris - My Way
17:15 - Everly Brothers - On The Wings Of A Nightingale
17:21 - Wiebe & Elske Dewall - Make Me Yours (Frysk!)
17:38 - Justin Bieber & Bloodpop - Friends
17:44 - Wind Earth & Fire - September
17:50 - Magic - Rude
17:56 - Piter Wilkens - De Bearenburch Is Myn Sjirurch
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)