Weistra op wei fan 23 juny 2017 16:00

    Komme Fryske artysten lykas Piter Wilkens en Anneke Douma wol oan bar yn it Kulturele Haadstêd-jier? Grutte nammen, faak út it bûtenlân, dy krije in promininte rôl, en ek de pleatselike kulturele aktiviteiten gean wol troch, mar hoe sit it mei de profesjonele artysten út ús eigen provinsje? Boargemaster Bearn Bilker makket him dêr soargen oer, yn Weistra op wei fertelt er werom.

    Dan brochten kening Willem Alexander en keninginne Máxima fannemoarn in bysûndere besite oan de Friezentsjerke yn Rome. It makke diel út fan de earste besite fan in Nederlânsk keningspear oan de paus ea. Yn Weistra op wei ha we kontakt mei de bisskop fan de Friezentsjerke, mgr Hurkmans, om te hearren hoe't dy besite wie.

    Fierder fansels omtinken foar de moard, fannemiddei yn Ljouwert, en foar it hacken fan kompjûters.

    16:06 - Four Tops - Don't Walk Away
    16:16 - Anne-Marie - Ciao Adios
    16:25 - Van Morrison - Jackie Wilson Said
    16:35 - Sytse Haima - Dat Ik Neist Dy Lizze Mei
    16:44 - Douwe Bob - Slow Down (Live, Heale Finale Esf 2016)
    16:51 - Rembrandts - I'll Be There For You
    16:54 - Katy Perry Ft. Skip Marley - Chained To The Rhythm
    17:06 - Natasha Bedingfield - Unwritten
    17:17 - Twarres - Won't Let Go
    17:39 - Beatles - We Can Work It Out
    17:48 - Charlie Puth Ft. Selena Gomez - We Don't Talk Anymore
    17:54 - Guns N' Roses - Patience
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)