Weistra op wei fan 23 febrewaris 2017 16:00

Hieltyd minder froulju kieze foar in thúsbefalling. Krige tsien jier lyn noch 23 persint fan de froulju thús it berntsje, no is dat noch mar 13 persint. Grutte útsûndering is Fryslân: hjir komt noch mear as de helte fan alle poppen thús op 'e wrâld. Mar sels yn Fryslân rint dat tebek. Yn Weistra op wei is froedfrou Marloes Bras fan Stiens te gast.

By in reade dwerchstjer binne resint sân planeten ûntdekt dy't trochgean kinne as "suskes fan de ierde". Se lykje yn in protte opsichten op ús eigen planeet, en dan wurdt fansels drekt de fraach steld oft dêr ek libben is. Yn Weistra op wei in petear mei stjerrekundige Feddrik van Dellen fan de folksstjerrewacht yn Burgum.

Fiif programma's fan Omrop Fryslân binne nominearre foar de NL-Awards, in belangrike priis dy't elts jier útrikt oan regionale omrop. Oer hokker programma's dat binne praat ferslachjouwer Willem de Vries mei in tal programmamakkers. En wat is eins it belang fan sa'n priis?

Fierder fansels it lêste Fryske nijs en der kin wer stimd wurde op It Slotstik.

16:06 - Climie Fischer - Love Changes Everything
16:39 - Sipke De Boer - Njonken Dy
16:49 - Clout - Substitute
17:06 - Emeli Sande - Next To Me
17:14 - Jos Harteveld - Maaike
17:37 - Beatles - Drive My Car
17:45 - Jon Anderson - Hold On To Love
17:50 - Kansas - Dust In The Wind

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)