Weistra op wei fan 23 desimber 2016 16:00

Mei Welmoed Sijtsma sjogge we foarút op it jieroersjoch fan it Jeugdjournaal, dat sneon om 18.45 oere útstjoerd wurdt. Wat binne foar de bern de belangrykste en leukste nijsitems? Welmoed Sijtsma is âld-kollega by Omrop Fryslân en komt út Ljouwert. Hoe hat sy it ôfrûne jier belibbe en wat binne foar har de hichte -en djiptepunten yn it ôfrûne jier? Welmoed wurket sûnt septimber 2015 by it Jeugdjournaal.

Fêste gast op freed is advokaat Bart Canoy fan Ljouwert. Hy komt mei in top 5 fan ûnderwerpen dy’t er it ôfrûne jier behannele hat yn Weistra op Wei. Hokker dat binne? Harkje dan om likernôch 17:40 oere nei Weistra op Wei.

Yn it Fryske nijs omtinken foar de kommende krystdagen. Lifecoach Anke van der Meer sjocht foarút op dizze dagen, dy’t by guon minsken in soad stress opsmyt. Ek ha we in petear mei boargemaster Arno Brok fan Dordrecht. Hy is foardroegen as nije kommissaris fan de Kening yn Fryslân. Dat is ôfrûne woansdei bekend makke. Femidje makket minister Plasterk fan Ynlânske Saken nei alle gedachten de beneaming definityf. Brok jout om 16 oere in parsepetear yn Dordrecht.

16:07 - Chris Rea - Driving Home For Christmas
16:16 - Shawn Mendes - Mercy
16:25 - Pretenders - Miles
16:41 - Equal Souls - Mei Kryst
16:50 - Bastille - Pompeii
17:08 - Coldplay - Adventure Of A Lifetime
17:18 - Anneke Douma - In Wyt Krystfeest
17:39 - Jose Feliciano - Feliz Navidad
17:50 - Charlie Puth Ft. Selena Gomez - We Don't Talk Anymore
17:53 - Disturbed - Sound Of Silence

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)