Weistra op wei fan 23 april 2015 16:00

    Op It Amelân binne se der hielendal klear mei: de boat dy't hieltyd te let komt. De fargeul tusken it fêstelân en it Waadeilân wurdt neffens de eilanners net goed baggere, en dêrtroch kin de fearboat lang net altiten op tiid ôffarre. De eilanners wolle Den Haach no wekker skôdzje om it baggerprobleem oan te pakken.

    Wêr't polityk Den Haach al wol in beslút oer naam hat, is it bêd, bad en bôle-ferhaal. Mar it kompromis fan PvdA en VVD hat grutte gefolgen foar Fryslân, want offisjeel is opfang fan útprosedearde asylsikers hjir no net langer tastien. Ferslachjouwer Wytse Vellinga spruts mei Narina, in frou út Armenië. Sy is no 4 jier yn Nederlân en kin absolút net werom nei har heitelân fanwege earwraak.

    Fierder sjogge we foarút op de earste play-off wedstriid fan basketbalklup Aris út Ljouwert tsjin rivaal Donar út Grins. Yn de kompetysje wienen de Ljouwerters trije kear kansleas, mar wa wit kinne se dit kear foar in stunt soargje. Ferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan yn de studio en fertelt mear.

    16:09 - Lunchmoney Lewis - Bills
    16:19 - Rascals - Groovin'
    16:37 - Avicii - Addicted To You
    16:45 - Michael George Queen - Somebody To Love
    16:55 - Doelleazen Ft. Bricquebec - Strjitlizzer
    17:10 - James Blunt - Wisemen
    17:18 - Lime - Your Love
    17:39 - O.M.D. - So In Love
    17:49 - Green Day - Time Of Your Life
    17:52 - Roy Black & Anita - Schön Ist Es Auf Der Welt Zu Sein
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)