Weistra op wei fan 22 maart 2017 16:00

Kuorbal moat "seksyer". Dat fynt de âld-bûnskoach fan it nasjonale kuorbalbûn. Op himsels giet it net min mei it ledetal, dat stiet al jierren stabyl op sawat 100.000, mar de sport hat te lijen ûnder in wat "âldbollich" imago. De sport moat wat fysiker wurde, wat faker op TV, en kuotbal soe in olympyske sport wurde moatte. Yn de studio jout foarsitter Gouke de Vries fan LDODK fan De Gordyk syn miening. Soenen strakkere shirtsjes ek helpe?

Dan wurde fan 'e middei hûnderten wurksykjenden ferwachte op in banemerk fan it UWV, yn Ljouwert. Op dy merk wurde se keppele oan útstjoerburo's. Hoe't dat yn syn wurk giet, sil ferslachjouwer Geert van Tuinen nei fernimme.

De tsien grutte plattelânsgemeenten komme hjoed mei in foarstel om saken as enerzjytransysje en klimaatadapsje út it slop te lûken. Boargemaster Van Selm fan Opsterlân is foarsitter fan de P10, mei har fan 'e middei ek in gesprek.

Fierder it lêste Fryske nijs, it waar, en der kin wer stimd wurde op It Slotstik.

16:06 - George Benson - Give Me The Night
16:17 - Niall Horan - This Town
16:41 - Aafke Zuidersma - Minsk Fan Wearde
16:51 - Bruno Mars - 24K Magik
17:06 - Magic - Rude
17:19 - Housemartins - Happy Hour
17:38 - Diana Ross - You Can't Hurry Love
17:45 - Weeknd Ft. Daft Punk - I Feel It Coming
17:53 - Paul Simon - Diamonds On The Soles Of Her Shoes

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)