Wa kin noch sûnder syn mobyl, sûnder ynternet? Johan van Houten, oarspronkelik fan Nij Beets, woe dat wolris witte. In jier lang wie er offline, en skreau der in boek oer: "365 Dagen Digiminderen". Hoe fine je de balâns tusken "offline en onlin leven"? Hoe dreech as soks is, seker yn it begjin, en wat it je úteinlik oplevert, fertelt er fan 'e middei yn Weistra op wei.
De oanklacht tsjin de tabaksyndustry mei dan mislearre wêze, de saak hat wol foar genôch publisiteit soarge. Dat seit foarsitter Bart Maats fan de Fryske Húsdoktersferiening. Ek mei him in gesprek yn Weistra op wei.
Fierder omtinken foar it nije talepaviljoen yn Ljouwert, foar de plannen om polder De Hege Warren by Aldegea (S) ûnder wetter te setten, en fansels in oersjoch fan de Winterspelen yn Súd-Koreä.