Weistra op wei fan 21 juny 2017 16:00

KPN wol de TV-programma's fan Omrop Fryslân net mear bûten de eigen regio trochjaan. Dat betsjut dat de programma's fan de Omrop fia KPN aanst allinnich noch mar te sjen binne yn Fryslân en omlizzende provinsjes. Omrop Fryslân-direkteur Jan Koster is teloarsteld, ek omdat Ziggo yn in earder stadium soartgelikese plannen ynlutsen hat. Yn Weistra op wei fierder ek in reaksje fan CDA-Twaddde Keamerlid Harry van der Molen, hy sil dizze saak oan de oarder stelle yn oerlis dat er ynkoarten hat mei de steatssekretaris fan mediasaken.

It sil je mar oerkomme: Wabke en Gerard van der Molen fan Wynjewâld kamen justerjûn yn har hûs in ynbrekker oer it mad. En wat dogge je dan? De Wynjewâldsters twifelen net in tel en pakten de man. Mar maklik wie dat net. Har ferhaal hearre je yn Weistra op wei.

It waar is der optheden ek wol neffens: we moatte ús wat minder drok meitsje. Studinten fan de Popakademy organisearje op it Saailân yn Ljouwert in bijienkomst wêrby't "chille" en "onthaaste" sintraal stean. It is in stil protest tsjin de prestaasjemaatskappij, want "relaxing is serious business". Ferslachjouwer Auke Zeldenrust giet nei it Saailân.

Dat, mei it lêste nijs, de agindatip en der kin wer stimd wurde op It Slotstik, yn Weistra op wei.

16:07 - Tim Finn - Fraction Too Much Friction
16:15 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
16:23 - Thelma Houston - Don't Leave Me This Way
16:42 - Gurbe Douwstra - Jou My In Tut
16:49 - Maroon 5 Ft. Future - Cold


17:06 - Marc Anthony - You Sang To Me
17:14 - Senna Black - Happily Ever After
17:22 - Bronski Beat - Smalltown Boy
17:41 - James Brown - It's A Man's World
17:46 - Julia Michaels - Issues
17:53 - Normaal - Dames Loat Die Rockjes Nou Maar Waaien
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)