Weistra op wei fan 21 jannewaris 2016 16:00

It Fryske bedriuw Mannen van Staal hat yn gearwurking mei it bedriuw Bucon in nije masine foar golfplaten yn gebrûk naam. It giet hjirby om in masine wêrmei bygelyks silo's, wettertanks, of sels tydlike wenningen mei boud wurde kinne. Oer de hiele wrâld binne der mar trije bedriuwen dy't op dizze wize golfplaten produsearje. Omrop Fryslân brocht in besite oan de Mannen van Staal yn Ljouwert.

De plestik pûde dy't je no miskien yn de hân ha, of dat bakje dêr't de tomaten ynsitte foar it iten aanst. Dat plestik kinne jo nei it fuortsmiten op 'e nij keapje! Want ôffalferwurker Omrin hellet hast al dat plestik wer út it ôffal en ferwurket it ta in nije grûnstof. En no wol Philips mei dy grûnstof, dat âlde plestik fan jo dus, apparaten meitsje. Direkteur John Vernooij fan Omrin fertelt hjiroer yn Weistra op wei.

Live-ferslachjouwer Lennie Bronsveld is fan 'e middei op De Lemmer by de bêste biologyske winkel fan Nederlân. Dit is Ekoshop Helder. Neffens de sjuery hat ekoshop Helder in rom assortimint en in moaie ynrjochting. Allinnich de bûtenkant kin noch wol wat better, fynt de sjuery. De winners binne mei keazen troch it publyk.

It giet goed mei de Fryske taal. Dat docht bliken út it earste resultaten fan it grutte taalûndersyk dat de Fryske Akademy ôfrûne jier hâlden hat ûnder in lytse 3.800 Friezen. Benammen it skreaune Frysk is dwaande mei in opmars. It lêste falt foaral te ferklearjen trochdat in soad minsken it Frysk brûke op sosjale media lykas Facebook, Twitter en Whatsapp. Mar de stavering lit wol te winskjen oer! Edwin Klinkenberg fan de Fryske Akademy en deputearre en FNP-foarman Johannes Kramer sille it hjir oer ha yn Weistra op wei.

Lokaasje-teaterselskip PeerGrouP ropt tsiismakkers út hiel Fryslân op foar dielname oan de 'Griene Tsiis Contest'. Belangstellenden moatte in orizjinele griene tsiis meitsje mei in ferwizing nei Grutte Piers bekende útspraak: 'Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries'. De wedstryd wurdt organisearre yn it ramt fan de grutte iepenloftfoarstelling 'Grutte Pier De Misje', dy't fan ein augustus dit jier mar leafst 25 kear spile wurde sil yn Kimswert. Otto Jan Bokma fan de biologyske tsiismakkerij Nylander yn Warkum fertelt yn Weistra op wei wêrom hy meidocht oan de wedstryd.

17:10 - Vaya Con Dios - Heading For A Fall
17:18 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
17:40 - Bee Gees - Stayin' Alive
17:50 - Queen - A Winter's Tale
Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)