Weistra op wei fan 21 april 2015 16:00

    Yn Weistra op wei omtinken foar it ferhurdzjen fan de plysje-aksjes foar in bettere CAO en de groei fan it tal meldings fan húslik geweld yn Fryslân. En we sjogge foarút op de bekendmakking fan de Fryske ûndernimmerspriis 2015. Ferslachjouwer Willem de Vries sjocht alfêst hoe't it sit mei de spanning by de nominearden.

    Fierders prate we mei Lyske Gais de Bildt. De âld-Jorwerter hat de Rijksstudio Award 2015 wûn mei har ûntwerp fan in Rembrandt-earmbân. Yn de earmbân sitte details fan etsen fan Rembrandt. Bedoeling fan de wedstriid is de online-kolleksje fan it Ryksmuseum yn Amsterdam ûnder de oandacht te bringen. Tegearre mei har mem Lia Duinker krige Lyske Gais it idee foar it ûntwerp.

    Hûndertsechstich ûnderwizers, leararen en oare minsken út it ûnderwiisfak prate moarn de hiele dei oer meartaligens yn it basis- en fuortset ûnderwiis. Dat dogge se op in grut ûnderwiiskongres yn Drachten. Nederlansk, Frysk en Ingels, dy talen giet it dan om, net allinnich as faktaal, mar ek as fiertaal. Hiel moai fansels, want meartaligens is goed foar de taalûntwikkeling fan bern. Mar snijt it Frysk dan net ûnder? Eelke Goodijk fan ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin leit út.

    16:09 - Miss Montreal & Pascal Jakobsen - Ik Zoek Alleen Mezelf
    16:17 - Jan De Vries - Laat My Frij
    16:26 - Diana Ross - You Can't Hurry Love
    16:39 - Right Said Fred - Deeply Dippy
    16:48 - John Mayer - Daughters
    17:09 - Sam Smith - Like I Can
    17:16 - Diff - Jealousy
    17:25 - A-Ha - Take On Me
    17:36 - Philip Bailey & Phil Collins - Easy Lover
    17:47 - Ruth Jacott - Hartslag
    17:51 - Dj Tiësto - Traffic
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)