Weistra op wei fan 20 septimber 2017 16:00

    It giet hurd tsjin hurd yn Kataloanië. De Spaanske autonome regio wol op ien oktober in referindum hâlde oer selstannigens, mar it ryksregear hat dat ferbean. De lokale oerheid set likegoed troch, mei as risseltaat hjoed dat de Spaanske plysje ynfallen dien hat yn kantoaren fan de regionale regearing. De FNP folget de ûntwikkelings mei mear as gemiddelde belangstelling. De susterpartij yn Kataloanië hat de Fryske partij frege om waarnimmers te stjoeren nei it referindum. Yn de studio jout FNP-steatelid Sybren Posthumus syn fyzje op de saak.

    Hans Snijder ferlit de Fryske mediawrâld. Hy wie jierren haadredakteur by Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante, mar sil no oan 'e slach yn de medyske wrâld, yn it Prinses Máxima Centrum yn Utrecht. Ek mei him in petear, yn Weistra op wei.

    Fierder yn it nijs omtinken foar in wetteroerienkomst dy't Fryslân en de Súd-Koreaanske stêd Daegu sletten hawwe, en it ferhaal fan de Arumer ûndernimmer dy't syn út Kanada ymportearre opsette brune bear dochs net hâlde mei.

    FNP-steatelid Sybren Posthumus oer de situaasje yn Kataloanië

    • Sybren Posthumus oer de situaasje yn Kataloanje

    16:06 - Ub40 - Maybe Tomorrow
    16:13 - Luis Fonsi Ft. Daddy Yankee - Despacito
    16:22 - Shaka Kahn - I'm Every Woman
    16:39 - Lost Frequencies Ft. Janieck Devy - Reality
    16:47 - Crash Test Dummies - Mmm Mmm Mmm Mmm
    16:54 - Agnes Sambrink - It Rint Sa't It Rint
    17:07 - Madcon Ft. Ray Dalton - Don't Worry
    17:19 - Justin Bieber & Bloodpop - Friends
    17:42 - Peter Fox - Haus Am See
    17:52 - Kool & The Gang - Ladies Night
    17:56 - John Farnham - You're The Voice

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)