Weistra op wei fan 20 septimber 2016 16:00

    De striid om de KNVB-beker barst hjoed wer los. SC Cambuur trapet om 17:00 oere ôf tsjin de amateurs fan FC Rijnvogels yn Katwyk. Dêr binne se by foarbaat al ûnder de yndruk fan de Ljouwerters, nea earder ha se in profklup op besite hân op sportpark De Kooituin. Fansels is ferslachjouwer Geert van Tuinen der by. Hy docht rjochtstreeks ferslach fan de wedstryd.

    Ek hjoed: de Paralympyske atleten binne wer yn Nederlân. Yn Utrecht wurde se huldige. Gerrit de Boer docht ferslach. En dan is it ek noch Prinsjesdei. Ferslachjouwer Andries Bakker dûkt de miljoenenota yn. En ferslachjouwer Onno Falkena is al de hiele dei yn Den Haach. Hy siket reaksjes fan Fryske Keamerleden en oare belutsenen.

    (ûnderwerpen ûnder foarbehâld)

    16:07 - Poco - Call It Love
    16:15 - Timeflies - Once In A While
    16:25 - Cliff Richard - In The Country
    16:40 - Gurbe Douwstra - Ik Wol Hjir Wei
    16:49 - Sam Smith - Stay With Me
    17:08 - Cher - Love And Understanding
    17:17 - Syb Vd Ploeg & Piter Wilkens - Jou It Troch
    17:23 - Albert Hammond - Free Electric Band
    17:41 - Taylor Swift - Shake It Off
    17:51 - June Lodge - Someone Loves You Honey

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)