Weistra op wei fan 20 novimber 2015 16:00

Bas van der Meer út Drachten mei net oan 'e slach as stazjêr by lânboumeganisaasjebedriuw De Boer. Van der Meer is homo, en komt dêr ek iepenlik foar út, mar dat is it kristlike De Boer yn it ferkearde kielsgat sketten. De reaksjes op dat beslút binne net fan 'e loft, COC en Tûmba sprekke der skande fan, en ek de gemeente Smellingerlân feroardielet de hâlding fan it bedriuw. De oplieding fan de studint, de Hanze Hogeschool, sil sels oanjefte dwaan.
Jierrenlang wie Upt Hiddema fan Holwert it gesicht fan boere-organisaasje LTO-Noard, en dan dat fan de jirpelboeren yn it bysûnder. Nei 35 jier set Hiddema lykwols in punt achter syn karriêre. Yn Weistra op wei in petear mei him. Dat, mei it lêste nijs út Fryslân, it Slotstik en noch folle mear.

16:11 - Four Tops - Don't Walk Away
16:20 - Hollies - Listen To Me
17:09 - Billy Ray Cyrus - Achy Breaky Heart
17:18 - Faydee Shaggy (Ft. Mohombi & Costi) - I Need Your Love
17:39 - Shawn Cassidy - Morning Girl
17:46 - Zara Larsson - Lush Life
17:53 - Armand - Ben Ik Te Min
Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)