Weistra op wei fan 20 jannewaris 2017 16:00

Alle eagen op de wrâld binne fan 'e middei rjochte op Donald Trump, as hy ynstallearre wurdt as de 45e presidint fan de USA. Watfoar lieder sil hy wurde? Bringt er de ynternasjonale oarder yn gefaar, of sil it sa'n feart allegear net rinne? Yn Weistra op wei in gesprek mei Amearika-kenner Tity de Vries, sy dosearret oan de Ryksuniversiteit yn Grins. En hoe sjocht sa'n ynauguraasje der eins út?

Fêste gast op freed is advokaat Bart Canoy, hy sil it ha oer Volkert van der G, nei oanlieding fan it feit dat hy mooglik earder de sel út mei. Wannear krijt in detinearde in "voorwaardelijke invrijheidsstelling"?

Fierder yn Weistra op wei omtinken foar Farce Majeure, it reedriden yn Thialf, en fansels it lêste Fryske nijs.

16:05 - Billy Joel - You're Only Human
16:17 - Omi - Cheerleader
16:38 - Ernst Langhout - Harlekyn
16:51 - Jacksons - Blame It On The Boogie
16:53 - Farce Majeure - Dat Is Uit Het Leven Gegrepen
17:08 - Counting Crows - Accidentally In Love
17:16 - Weima & Van Der Werf - De Moarn
17:21 - Sheryl Crow - All I Wanna Do
17:36 - Johnny Cash - Folsom Prison Blues
17:47 - Level 42 - Love Games
17:53 - Hollies - Bus Stop
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)