Weistra op wei fan 20 april 2017 16:00

    By wenningbouferiening Accolade hienen se juster suver in "déjà vu" doe't se it nijs út Veendam hearden: in man yn 'e war dy't it gas iependraaide en dêrtroch soarge foar in eksploazje en in enoarme ravaazje. It is noch gjin oardel jier dat itselde him foardie yn Drachten. Accolade koe dan ek de draaiboeken en har erfarings mei de kollega's yn Veendam diele. Dochs bliuwe der fragen. Hoe gean je om mei hierders dy't psychyske problemen ha? Moat je se byinoar sette yn wenningkompleksen? En moatte de buorlju dan ek earst warskôge wurde? Dêroer in petear mei Rein Swart, direkteur by Accolade.

    Gers meane op snein, mei dat? En jouwe je besite in koekje by de tee, of in folslein miel? Fragen dy't foar ús yn 'e regel maklik te beänderjen binne, lizze foar nijkommers frijwat dreger. In boekje mei "do's en don'ts" moat helderheid jaan, ek dêroer mear yn Weistra op wei.

    En wat fynt boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân derfan dat "syn" dyk tusken Snits en Ljouwert der net liket te kommen? Juster liet de provinsjale polityk witte neat yn sa'n nije ferbining te sjen.

    Fierder fansels it lêste Fryske nijs, it waar, en yn It Slotstik giet it hjoed oer gefaarlike trampolines.

    16:05 - Alison Moyet - Is This Love
    16:16 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
    16:39 - Piter & ?? - Hea! Liet
    16:48 - Douwe Bob - Slow Down (Live, Heale Finale Esf 2016)
    17:06 - Alexis Jordan - Happiness
    17:13 - Jos Harteveld - Maaike
    17:24 - Stranglers - No Mercy
    17:39 - Foundations - Build Me Up Buttercup
    17:47 - Diggy Dex (Ft. Jw Roy) - Treur Niet (Ode Aan Het Leven)
    17:52 - 2 Unlimited - Jump For Joy (Radio Edit)
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)