Weistra op wei fan 2 novimber 2017 16:00

It ferset tsjin it Flylanner festival Into The Great Wide Open (ITGWO) nimt ta. Yn in ynstjoerd stik yn de LC hjoed wurdt steld dat it eilân bêst sûnder ITGWO kin, de drokte is in protte eilanners bot yn 'e wei. Sawiesa sjogge je de lêste tiid dat it ferset tsjin (de oerlêst fan) festivals groeit, it Ljouwerter festival Psy-Fi is dêr sa'n foarbyld fan. Dat wurdt noch wat takom jier, as we Kulturele Haadstêd binne! Yn Weistra op wei hearre we in reaksje fan Jan van der Veen, fan ITGWO en kampingbaas fan Stortemelk op Flylân. Is Fryslân festival-wurch?

"Meester-interviewer" Frénk van der Linden waard okkerdeis 60, en ta gelegenheid dêrfan is in tentoanstelling oer him en syn petearen te sjen yn Swolle. Jûn wurde de rollen omdraaid, en sil boargemaster Ferd Crone him ynterviewe, yn boekhannel Van der Velde yn Ljouwert. Is Van der Linden dêr no ek senuweftich foar? We prate mei him.

Fierder fansels it lêste Fryske nijs, it waar, en der kin wer stimd wurde op trije platen yn It Slotstik.

16:05 - Armin Van Buuren - Sunny Days
16:11 - Ace Of Base - The Sign
16:20 - Piter Wilkens - Oeral Op'e Wrald
16:23 - Kensington - War
16:36 - Bruno Mars - 24K Magik
16:40 - Black Eyed Peas - I Gotta Feeling
16:51 - Icehouse - Crazy
17:08 - Katy Perry Ft. Skip Marley - Chained To The Rhythm
17:19 - Santana Ft. Rob Thomas - Smooth
17:40 - Anne-Marie - Ciao Adios
17:47 - Cigalou Ft. Ernst Langhout - Myn Wreed Fertriet(Koart)
17:54 - Elvis Presley - In The Ghetto

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)