Weistra op wei fan 2 maart 2018 16:00

Rûnom, foaral op iisbanen, wurdt der hjoed noch riden. It kin noch krekt: fan snein ôf krije we teiwaar. We hearre yn Weistra op wei hoe't it giet op de iisbaan fan Hylpen. De iisflier dêr leit der neffens iismaster Jappe Zweed "as in spegel" by. Ryk wurde se net fan de riders: der is gjin yntree. It jild sil komme moatte fan de ferkeap fan 'koek & zopie'.

SC Cambuur spilet jûn in belangrike wedstryd tsjin in direkte konkurrint, FC Oss. Gean de Ljouwerters oer de Brabanners hinne?

Mei ús fêste gast op freed, advokaat Bart Canoy, prate we oer de fraach oft je juridysk sjoen ien rêde moatte dy't troch it iis sakke is.

Dat, mei it waar, it lêste Fryske nijs en It Slotstik, yn Weistra op wei.

16:07 - Pink - Beautiful Trauma
16:15 - Ricky Martin - Maria
16:24 - Die Twa - Tiden Binne Tiden
16:39 - Jason Derulo - Want To Want Me
16:50 - Dido - White Flag
17:06 - Bryan Adams - Run To You
17:15 - Tom Petty & The Heartbreakers - Mary Jane's Last Dance
17:25 - Agnes Sambrink - Muzyk
17:39 - Kygo Ft. John Newman - Never Let You Go
17:51 - Fleetwood Mac - Don't Stop
17:57 - Normaal - Oerend Hard

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)