Weistra op wei fan 2 maart 2016 16:00

    Hjoed yn Weistra op wei: der komt in bysûndere gast nei Club Red. Oankommende freed sil Chris Brown dêr nammentlik optrede! Hoe’t dizze wrâldstjer terjochte komt yn in Ljouwerter klup, hearre je yn ús programma fan eigener Danny Membre.

    En fierder in petear oer de fúzje fan de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel. De kolleezjes fan B en W fan de fjouwer gemeenten fine dat dizze fúzje der komme moat. De ynwenners, mar ek de ried fan Dantumadiel, binne hjir lykwols noch net ûnferdield entûsjast oer. Fraksjefoarsitter fan Dantumadiel ’82 Kees Wielstra fertelt der mear oer.

    It slotstik hat dizze wike alles te krijen mei feiligens. Minsken út it noarden fan Nederlân fiele harren feiliger as de rest fan Nederlân, blykt út in ûndersyk fan it CBS. Je kinne stimme op trije platen: ‘The Safety Dance’ fan Men Without Hats, ‘Danger’ fan Roxette en ‘Stay With Me’ fan Sam Smith. Lit jo hearre!

    16:08 - Diana Ross - Chain Reaction
    16:16 - Lukas Graham - 7 Years
    16:40 - Doede Veeman - Bart Jan
    16:49 - Maroon 5 - Sugar
    17:08 - Eagle Eye Cherry - Save Tonight
    17:17 - Marco Borsato - Mooi
    17:36 - Piter Wilkens & De Bazuin - De Oldehove Sien
    17:47 - Chris Brown - With You
    17:53 - Sam Smith - Stay With Me
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)