Weistra op wei fan 2 jannewaris 2018 16:00

Wa't trouwe wol yn dit nije jier moat der wol even om tinke: je trouwe net mear yn "gemeenschap van goederen". Mei yngong fan juster is dyn stúdzjeskuld ek echt dyn eigen, en dat jildt ek foar in erfenis dy't dyn kant út komt. Dat jout fansels minder gedoch by in eventuele skieding. Wurdt in houlik sa net in boekhâldkundige oangelegenheid? Notaris Henk Leerink leit út wat der allegear feroaret -en werom.

It binne gouden tiden foar pakketbesoargers. Seker fan heal novimber ôf nimt it tal pakketten dat besoarge wurde moat yn rap tempo ta. In foarbyld fan ien dy't dat wurk docht is René Monsma fan Frjentsjer. Yn syn regio brocht hy foarich jier hast 54.000 pakketten by klanten thús. En mei de groei fan online-shoppen sil dat foarearst ek net minder wurde, sa ferwachtet Monsma, ek mei him in petear yn Weistra op wei.

Yn It Slotstik trije platen dy't wat mei de haperjende Brandaris te meitsjen ha, ferslachjouwer René Koster sjocht by de iepening fan in nije sporthal yn Dokkum, en fierder fansels it lêste nijs, waar en ferkear.

16:07 - Madonna - Vogue
16:17 - Wulf - Mind Made Up
16:26 - Sugababes - Ugly
16:37 - Syb - As Ik Dy Sjoch
16:45 - Katy Perry Ft. Skip Marley - Chained To The Rhythm
16:49 - Culture Club - The War Song
16:56 - Avicii - Addicted To You
17:07 - Ed Sheeran - Galway Girl
17:14 - Alanis Morissette - You Learn
17:24 - Twarres - Tink Oan My
17:37 - Wind Earth & Fire - Fantasy
17:46 - Justin Bieber & Bloodpop - Friends
17:52 - Doors - Light My Fire

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)