Weistra op wei fan 2 jannewaris 2017 16:00

Plysje en boargemasters yn it Noarden wolle dat motorklups ferbean wurde. Hieltyd faker meitsje de 'bikers' har skuldich oan krimineel gedrach, seit plysje-sjef Oscar Drost. Fierder falt op dat it tal saneamde 'outlaw-motoclubs' har útwreidzje, yn Fryslân binne der op dit stuit sân dy't in eigen kluphûs hawwe. Yn Weistra op wei in reaksje fan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert.

Twa âld-ynwenners fan Ketlik begjinne freed oan in monstertocht fan 7000 km troch Noardlike streken. Dat dogge se foar it goede doel, Make A Wish, en mei súkses: se ha al goed 8000 euro oan sponsorjild ophelle. Yn Weistra op wei in petear hjiroer mei Egbert Oenema.

Ek sjogge we wat er te dwaan is yn it útgeanslibben yn Fryslân. Yn ‘It Slotstik’ is der alle dagen in bysûndere plaat, passend by de dei, dy’t mei help fan de harkers bepaald wurdt.

16:06 - Doobie Brothers - What A Fool Believes
16:13 - Weeknd Ft. Daft Punk - I Feel It Coming
16:23 - Randy Crawford & The Crusaders - Streetlife
16:40 - Van Wieren - Kald Fjoer
16:48 - Dua Lipa - Be The One
16:55 - Creedence Clearwater Revival - Bad Moon Rising
17:05 - Madonna - American Pie
17:15 - Sipke De Boer - Njonken Dy
17:35 - Billy Joel - The Longest Time
17:43 - Coldplay - Magic
17:48 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)
17:52 - Guus Meeuwis Ft. Diggy Dex - Tabee
17:55 - Brooke Fraser - Something In The Water

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)